SC Hearrenfean wint mei 4-0 fan Drachtster Boys

Henk Veerman soarge foar twa doelpunten © SC Hearrenfean
SC Hearrenfean wûn sneontejûn mei 4-0 fan Drachtster Boys. Yn de earste helte krigen de Feansters in tal kânsen, mar Drachtster Boys wist it goed ticht te hâlden. Mei nul-nul op it skoareboerd wie it skoft. Kik Pierie (15) makke nei de tee syn debút yn it Feanster earste.
Yn de 55ste minút skoarde Henk Veerman de 0-1 op oanjaan fan Larsson. Net folle letter koe de Volendammer wer skoare. Noch gjin fiif minuten letter wie it raak mei in skot fan Rewan Amin. Ek Luciano Slagveer koe de Drachtster ferdigening foarby en sette de 0-4 op it boerd.