Rolstoelbasketbalster Daphne van den Broek giet net nei Rio

Daphne van den Broek lit har trofee sjen
Daphne van den Broek fan Snits is op it lêste momint ôffallen foar de Paralympyske Spelen yn Rio. De rolstoelbasketbalster sit yn it Nederlânske team dêr't se ferline jier sulver mei wûn op it EK. Dêrmei kwalifisearre it team him foar Rio. Daphne van den Broek spilet foar de kombinaasjeploech fan DOV Ljouwert en Dyna '75 fan It Hearrenfean.
Ek Jelmer van Brunschot (16) fan De Knipe is net selektearre. De bûnscoach hat him net opnaam yn de seleksje. De jonge rolstoelbasketballer giet wol mei nei Rio as stazjêr yn it ramt fan Talents 4 Tokyo.