Plysjewein botst yn Ljouwert

© AS Media
Op de Overijsselselaan yn Ljouwert hat sneon oan it begjin fan de jûn in oanriding west tusken in plysje-auto en in persoane-auto. De plysje wie mei spoed ûnderweis nei in ûngelok op de A32.
Ien plysjeman en in famke binne foar kontrôle nei it sikehûs brocht. Beide auto's rekken bot skansearre. Nei de oarsaak fan it ûngelok wurdt noch ûndersyk dien.