Fryske famkes wurde net goed nei feest yn Kruisweg

02 jul 2016 - 19:12

Seis famkes binne freedtejûn net goed wurden nei in feest yn partysintrum Kruisweg yn it Grinslanner Mearum. Under har wienen trije famkes út Easterwâlde en ien famke út Appelskea. Se binne likernôch 13 jier. Se wienen opnaam yn it sikehûs, mar mochten sneon wer nei hûs ta. Dat meldt RTV Noord.

Op it jongereinfeest wienen hûnderten jonges en famkes oanwêzich. Doe't it feest om middernacht dien wie, waarden de besikers net goed. De brânwacht hat mjittingen dien, mar koe neat fine. De plysje hâldt rekken mei alle senario's.

Mooglik dat útslach fan bloedûndersyk fan de seis opnommen famkes mear dúdlikheid jaan kin. Dat kin noch wol dagen of wiken duorje.

Twa wiken lyn wienen ek al besikers net goed wurden by de Kruisweg. De oarsaak hjirfan is noch ûnbekend. De plysje freget oft tsjûgen har melde wolle.

Trefwurden: 
Kruisweg Mearum feest
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)