Hollânske ljeppers winne fierljeptwakamp fan Friezen

02 jul 2016 - 17:58

De Hollânske fierljeppers ha sneontemiddei yn Polsbroekerdam de twakamp fierljeppen wûn fan de Fryske ljeppers. It ferskil tusken Hollân en Fryslân wie 7.02 meter.

De fierste ôfstân by de froulju wie foar Klaske Nauta fan Drylts mei 16.03 meter. De sprong einige lykwols yn in blessuere foar Nauta. By de junioaren wûn Freark Kramer fan It Heidenskip mei in persoanlik rekôr fan 19.03 meter. Hessel Haanstra wie de bêste by de jonges mei in pr fan 17.21 meter. Nederlânsk kampioen Jaco de Groot wie de bêste by de senioaren mei 20.65 meter.

De konklúzje fan de bûnscoaches wie dat Hollân yn de breedte dúdlik de bettere wie.

By de senioaren waard Bart Helmholt tred mei 19.73 meter, fjirde waard Sytse Bokma mei 19.56 en Nard Brandsma einige as fyfde mei 19.34.

De twakamp yn meters.

 

Hollân 395.37 Fryslân 388.35 (-7.02)
senioaren 149,14   149.90 (+0.76)
froulju 57.47   57.40 (-0.07)
junioaren 68.85   68.37 (-0.48)
jonges 64.86   59.44 (-5.42)
famkes 55.05   53.24 (-1.81)
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)