Fernijd doarpsplein yn Aldeberkeap iepene

02 jul 2016 - 15:49

It plein yn it sintrum fan Aldeberkeap is fernijd en sneontemoarn offisjeel iepene. It doarpsplein is in stik rommer makke. Dat jout mooglikheden foar aktiviteiten dy't yn it doarp organisearre wurde, lykas de keunstrûte Open Stal.

Earder wie Aldeberkeap it sintrum fan de Stellingwerven en wiene gearkomsten fan it bestjoer en de boargemaster yn Aldeberkeap. It plein hat offisjeel noch gjin namme. Dêrom wie der in priisfraach foar de besikers fan de streekmerk om in nije namme te betinken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)