Plysje hâldt man oan foar ynbraak yn Drachtster sportkantine

02 jul 2016 - 15:24

De plysje fertinkt in 50-jierrige man sûnder fêst wen- en ferbliuwplak fan in ynbraak yn in sportkantine oan de Folgeren yn Drachten. De plysje waard warskôge troch in foarbygonger, dy't de saak net fertroude. By oankomst waard wol de fyts fan de man fûn, mar de man sels net.

Doe't de plysje nei in nije melding wer by de kantine kaam, wie de man dêr wol. Omdat er net ferklearje koe wat er dêr die en omdat er in hammer by him hie, is er oanhâlden. De plysje sjocht ek oft de man mooglik oare ynbraken dien hat.

It is net bekend oft de man ek wat meinaam hat út de kantine.

Trefwurden: 
plysje Drachten ynbraak
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)