Iepen dei SC Cambuur lûkt hûnderten supporters

SC Cambuur hâlde sneon iepen dei. Ek al is de Ljouwerter fuotbalklup nei de Jupiler League degradearre, de klup bliuwt populêr. Hûnderten supperters seagen de presintaasje fan de technyske stêf en spilers. De seleksje is sa goed as rûn, der is noch ien fakatuere.
Technysk direkteur Van der Vegt makket der gjin geheim fan dat der noch in spits bykomt. Nei it fuortgean fan Ogbeche hat Martijn Barto it seizoen ôfmakke as nûmer njoggen. Koartlyn hat hy sels syn kontrakt by Cambuur ferlinge en begjint oan syn sechde seizoen by de Ljouwerters.
De supporters wienen yn it stadion foar in hantekening, in shirtsje keapje of gewoan om nei de training te sjen.