Fyfde busfernieler oanhâlden

© Omrop Fryslân
De plysje hat woansdei yn Harns in fiifde fertochte oanhâlden foar de fjochtpartij yn de diskobus yn Tsjummearum, ein febrewaris. It giet om in Harnzer fan 20 jier. Yn de nacht fan 25 op 26 febrewaris ûntstie der in fjochtpartij yn de diskobus tusken in groep Harnzers en in groep jongeren út Tsjummearum.
By de fjochtpartij sneuvelen ferskate ruten fan de bus. De plysje hâldde earder al fjouwer fertochten oan fan 19, 21, 22 en 23 jier. De waarden nei ferhoar wer nei hûs stjoerd.