Earste liftpeal fan Fryslân stiet yn Heech

Yn Heech is sneontemiddei de earste liftpeal fan Fryslân yn gebrûk naam. It inisjatyf komt fan doarpsbewenner Janke Postema, dy't fanwege in fisuele beheining net sels autoride kin en net altyd mei it iepenbier ferfier wol of kin. Troch by de peal stean te gean is it foar elkenien dúdlik dat ien in lift ha wol, yn it tsjuster ljochtet ek it wurd lift op.
By de liftpeal heart ek in app dêr't minsken in lift op regelje kinne. It inisjatyf mei de namme 'Duim omHeeg' hat ûnder oare subsydzje krigen fan de provinsje. Neist yn Heech komt der ek in peal yn Snits, doel is dat dêrnei noch mear peallen folgje.