Nij azc op It Hearrenfean wurdt opboud mei units út Beerta

02 jul 2016 - 12:29

It nije asylsikerssintrum op It Hearrenfean sil opboud wurde mei de leechsteande units út it Grinzer Beerta. Yn dat plak is in azc delset foar 1000 minsken, mar der wenje op dit stuit net mear as 200 flechtlingen. De wenningen kinne reedlik ienfâldich en fluch útinoar helle wurde yn Beerta en wer yninoar set wurde op it terrein by de McDonald's op It Hearenfean. Wannear dat bart, is noch net bekend.

Boargemaster Tjeerd van der Zwan fan It Hearrenfean is troch it COA yntusken op 'e hichte brocht fan dit plan. De boargemaster kin him fine yn it foarstel, mar wol fan it COA de garânsje dat der echt ferlet fan opfang is. Want it is net de bedoeling dat de wenningen hjir op It Hearrenfean ek leechstean bliuwe, sa seit Van der Zwan.

Ut ûndersyk fan de NOS die freed bliken dat in tredde fan alle opfangplakken foar asylsikers net brûkt wurdt. Der komme folle minder flechtlingen nei Nederlân as ferline jier, wêrtroch't minder opfang nedich is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)