Durk Fabriek: ''Spannende start fan de Tour de France''

Hast twahûndert hurdfytsers stean sneontemiddei oan de start fan de Tour de France. De kommende trije wiken ride se mei-inoar 3.535 kilometer. En ien fan de minsken dy't dat mei mooglik makket, is Durk Fabriek, fan Haulerwyk. Hy is fysioterapeut yn it team Giant-Alpecin, fan ûnder oare John Degenkolb en Tom Dumoulin.
''It is in spannende dei hjoed'', sa seit Durk Fabriek. ''Justerjûn hawwe wy de lêste besprekking hân en dan fernim ik doch wol dat der ekstra spanning is. Wat nerveuzer en de parse derby. Elkenien wol op 'e top fan syn kinnen wêze.''
As fysioterapeut fan team Giant-Alpecin is Fabriek by de start fan de Tour oanwêzich. ''Dêrnei ryd ik fuort en soargje ik dat de hurdfytsers op 'e helte fan de koers fieding krije. Dan gean ik nei de finish en kin ik in plan meitsje foar wat der jûn allegearre noch te dwaan is.''
Omrop Fryslân folget de ûnderfinings fan fysioterapeut Durk Fabriek yn de Tour de France op 'e foet. Op wurkdagen is er krekt foar sân oere te hearren op Omrop Fryslân Radio yn it programma Fryslân fan 'e moarn. Op sneon dielt er syn ferhalen yn No yn Fryslân, krekt foar njoggenen.