Wetterskip seit nee tsjin sinnepanielen oan wâlkant

© Omrop Fryslân
It Wetterskip jout gjin fergunning foar it pleatsen fan sinnepanielen oan de wâlkant. Auwert Wouda út Oerterp wol graach sinnepanielen oan de râne fan syn hiem hawwe, mar dat giet dus net troch. It ûnderhâld fan de wâlkant soe te lijen hawwe ûnder de sinnepanielen, sa oardielet it wetterskip. Wouda stapte nei de Ried fan Steat om syn gelyk te heljen. De útspraak folget oer inkelde wiken.
Underhâld: gjin probleem
Wouda hie it allegear goed úttocht. Sinnepanielen oan de wâlkant smite ekstra enerzjy op. "Een heleboel mensen weten niet dat zonnepanelen op het dak door de warmte vaak minder gaan presteren. Langs de koele slootkant gebeurt dat niet. Bovendien heb ik nog eens extra rendement door de reflectie van het water." Dat it wetterskip it ûnderhâld net goed dwaan kin fynt hy wat fier socht. "Gister was de onderhoudsploeg er nog en die zei dat het maaien van de slootkant met de zonnepanelen geen enkel probleem opleverde."
"Slootkanten vol met glimmende zonnepanelen"
Doe't de Oerterper gjin fergunning krige, stapte hy nei de Ried fan Steat. It wetterskip sei dêr dat se ek benaud binne dat mear minsken it plan fan Wouda oernimme. "Voor je het weet staan talloze Friese slootkanten vol met glimmende zonnepanelen", seit in meiwurker fan it Wetterskip.
De Ried fan Steat sil no útsykje oft Wouda rjocht hat op in fergunning foar sinnepanielen oan de wâl. De rjochter twifelet oft Wouda wol wat hat oan in fergunning. "Want het Waterschap is nu eenmaal eigenaar van de slootkant en wil pertinent geen zonnepanelen op haar grondgebied. Dat is net zoiets als een bouwvergunning voor een schuur in de tuin van de buren. Daar heb je ook niet veel aan als de buren niet willen."
Foarbyldrol Wetterskip
Opfallend is it wol dat it wetterskip sa hurd yn stried giet tsjin de sinnepanielen oan de wâlkant, wylst se har oan de oare kant presentearje as in foarbyld as it giet om duorsumens, sa fynt Wouda. Tongersdei presentearren se grutsk harren nije enerzjyneutrale haadkantoar. Mei hûnderten sinnepanielen op it dak. Dykgraaf Paul van Erkelens sei: "Als je kijkt naar wat voor problemen we hebben met het klimaat, en als je kijkt naar de verklaring van Parijs dat we allemaal wat aan energiebesparing moeten doen, dan vind ik dat wij bij uitstek het goede voorbeeld moet geven."