17-jierrige bromfytser ferwûne nei fal yn sleat Sigerswâld

In 17-jierrige bromfytser bedarre yn de sleat yn Sigerswâld © Persbureau Meter
In 17-jierrige bromfytser út Oerterp is freed oan it ein fan 'e middei ferwûne rekke by in iensidich ûngelok yn Sigerswâld. It ûngelok barde op it Foarwurk. De jongeman ferlear yn in bocht oan de Uthof de macht oer it stjoer en bedarre yn in sleat. Troch de fal rekke de jonge út de tiid.
Der waarden twa ambulânses en in traumahelikopter oproppen. De bromfytser is op it plak fan it ûngelok behannele en dêrnei mei ûnbekende ferwûningen nei it sikehûs brocht.