Crone: Hoareka moat rekken hâlde mei beheinde iepeningstiden

01 jul 2016 - 17:36

De Ljouwerter hoareka yn wengebieten moat yn de takomst rekken hâlde mei beheinde slutingstiden. Op oare lokaasjes yn it sintrum wol de gemeente krekt mear hoareka mooglik meitsje. Boargemaster Crone seit dat as reaksje op alle opskuor dy't ûntstien is nei oanlieding fan gemeentlike plannen foar nije iepeningstiden foar de Ljouwerter hoareka.

Dêryn stiet dat allinne bedriuwen oan it Ruiterskwartier, Zaailand en it stasjonsgebiet tenei oant 05:00 oere iepen bliuwe kinne. Kroegen bûten dat gebiet soene dan om 03:00 oere of soms sels al om 01:00 oere nachts ticht moatte.

"Net kommunisearre"

Dit ta grutte argewaasje fan de hoareka-ûndernimmers út de Grote Hoogstraat. Neffens Mark Hoogcarspel fan Café Mukkes soe dit de ein foar de measte saken yn syn strjitte betsjutte. Hy begrypt ek net wêrom't de gemeente mei dit foarstel komt omdat hjir net mei har oer kommunisearre is. Boppedat hat de hoareka yn dit gebiet yn it ferliene al folle beheiningen oplein krigen.

Aksjes fan de hoareka

Neffens boargemaster Crone hat de Grote Hoogstraat yndied in probleem omdat dizze strjitte as oarspronklik wengebiet registrearre stiet. Crone hat lykwols ek begryp foar de lange skiednis fan de strjitte as stapperssintrum fan Ljouwert. Hy ropt alle ûndernimmers en bewenners dêrom op klachten en winsken by de gemeente bekend te meitsjen. Dat kin noch oant jannewaris, want dan sil de gemeenteried neffens Crone pas in beslút oer dizze saak nimme. Neffens Hoogcarspel sil de hoareka yndied ta aksje oergean om de gemeente op oare gedachten te bringen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)