Keeper Sjoerd Idzenga bliuwt by UNIS Flyers

01 jul 2016 - 16:19

IIshockeyer Sjoerd Idzenga fan It Hearrenfean hat in nij kontrakt tekene by UNIS Flyers. De 28-jierrige goaly hat tekene foar ien seizoen. It wurdt it alfde seizoen foar Idzenga by de Flyers. De Nederlânsk international hat der in goed seizoen op sitten. Sa wûn er de Nederlânske beker, it Nederlânsk kampioenskip en de twadde difyzje fan it WK iishockey. Hy is lykwols hongerich nei mear prizen en sjocht der nei út dy mei UNIS Flyers te winnen.

"Ik bin tige bliid om kommend seizoen opnij by UNIS Flyers yn de goal te stean", reagearret Idzenga op syn kontraktferlinging. "Kommende moannen sil ik my tariede op it nije seizoen. Ik wol wer in goede teamprestaasje delsette en noch minder goals tsjin krije as ôfrûne seizoen. Doe wiene wy it minst passearre team en dat wol ik graach sa hâlde", jout Idzenga oan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)