Studinten Friese Poort moatte eksamen oerdwaan troch flater

01 jul 2016 - 15:55

Troch in flater moatte fjirtjin studinten fan de oplieding Game Artist en Game Developer fan Friese Poort Drachten har eksamen opnij dwaan. Dat komt trochdat se in ferkeard eksamen makke ha, dat net foldie oan de easken fan de ûnderwiisynspeksje.

De skoalle kaam de flater sels op it spoar. De Friese Poort hat sa gau mooglik in nij eksamen ynpland. Fan tiisdei ôf kinne de fjirtjin studinten dêr mei oan de slach. Der wurdt ek sjoen oft de studinten kompensearre wurde kinne fanwege de flater. De fout is freed melden oan de ûnderwiisynspeksje.

Trefwurden: 
eksamen Friese Poort
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)