Grutte urine-subsydzje Wetsus

26 apr 2012 - 22:13

Wettertechnologysintrum Wetsus yn Ljouwert krijt in miljoenesubsydzje út Europa foar it winnen fan elektrisiteit út urine. Dat hat kommersjeel direkteur Johannes Boonstra bekend makke by de presintaasje fan de nijbou fan Wetsus.

Op it eardere terrein fan Atoglas yn de stêd sil op kosten fan de gemeente in nij gebou mei ûnder mear laboratoaria boud wurde. It nije gebou sil de foarm fan in walfisk ha en kostet 10 miljoen euro. In konsortsium fan fjouwer Fryske arsjitekteburo's hat it ûntwerp makke.

Wetsus is yn koarte tiid groeid fan 2 nei 130 meiwurkers. De groei giet troch, ek no't it kabinet fallen is, sa seit direkteur Johannes Boonstra.

Trefwurden: 
subsydzje Wetsus urine
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)