Noardeast-Fryslân lansearret toeristyske webside

Dokkum © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Noardeast-Fryslân hat sûnt freed in eigen webside mei toeristyske ynformaasje. Der stiet in evenemintekalinder op en ek ynformaasje oer alles wat der te sjen en te belibjen is. Op in kaartsje op de webside steane alle adressen dêr't je ite en sliepe kinne. De ynformaasje is te finen yn trije talen: Nederlânsk, Dútsk en Ingelsk.
Toeristyske hotspots
Foarsitter fan de Stichting RegioMarketing Toerisme, Fokko Eybergen, is tige bliid mei it resultaat. "Vooral de drietaligheid maakt de website interessant voor een grote groep toeristen. Ook denk ik dat de kaart met honderden toeristische hotspots zoals accommodaties, restaurants en activiteiten veel gebruikt gaat worden. Natuurlijk vergt een website ook veel onderhoud. We moeten de inhoud regelmatig vernieuwen. Onze aanjagers zullen daarom wekelijks nieuwe artikelen, routes en blogs plaatsen.''