NOM makket 2,8 miljoen euro winst

01 jul 2016 - 15:02

De Noordelijke Ontwikkelings Maatschappij, de NOM, hat yn 2015 in winst boekt fan 2,8 miljoen euro. Hast oer de hiele liny is de direksje tefreden mei de resultaten. It oanlûken fan bedriuwen en ynvestearders fan bûten de regio smiet 455 nije banen op yn Fryslân, Grinslân en Drinte, de regio dêr't de NOM aktyf is.

NOM Finance, de ôfdieling dy't ynvestearret yn MKB-ûndernimmingen, helle in posityf resultaat fan goed 3 miljoen euro. De NOM lûkt bedriuwen fan bûten nei it Noarden en stekt jild yn bedriuwen wêrfan it nedige ferwachte wurdt, mar dy't net of net folslein by in bank terjochte kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)