Hannelsrûte oer Sintrale As moat wrâldrekôr opsmite

01 jul 2016 - 14:28

De organisaasje fan it evenemint Foarút oer de as mei de Handel, wol op 1 oktober in nij wrâldrekôr fêstigje. Op de sintrale as tusken Sumar en Feanwâlden komt dan in merkrûte, mei ferskate stands en aktiviteiten. De organisaasje hat al in oanfraach yntsjinne by it Guinness Book of Records. De helte fan de rûte is al folboekt, oant no ta hawwe har goed 250 organisaasjes en bedriuwen oanmeld.

De hannelsrûte moat op 1 oktober úteinlik njoggen kilometer lang wêze. Ek ferieningen en partikulieren kinne har oanmelde foar it evenemint. Dat kin oant en mei augustus.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)