COA nimt mear tiid foar realisaasje asylsikerssintra

It COA docht it op dit stuit kalmer oan mei de realisaasje fan asylsikerssintra. Dat kin omdat de urginsje fan de opfang op dit stuit fanwege de legere ynstream fan flechtlingen wat ôfnaam is. Dat seit Henk Wolthof, unit-manager fan it COA yn Noard-Nederlân. Wolthof reagearret op it gebrek oan nijs oer de plande bou fan azc's yn de gemeenten Ljouwert, Dokkum en It Hearrenfean.
Neffens Wolthof rint de bou yn Dokkum fertraging om fanwege in juridysk konflikt oer de lokaasje oan de Parklaan. Op It Hearrenfean rint it op skema. De bou yn Ljouwert oan de Snekertrekweg is noch ûnwis omdat de businesscase net rûn is. De ûnderhannelings hjiroer rinne noch en it COA wol binnen de budzjetten bliuwe.
Burgum
Yn Burgum is de nije needopfang foar 200 asylsikers takom wike klear. Mar wethâlder Doeke Fokkema fan Tytsjerkstradiel wit noch net oft der ek asylsikers komme. Wol kin de lokaasje yn de takomst brûkt wurde as wikselplak foar de hjoeddeistige bewenners as it azc ferboud wurdt. Mar wannear't dat bart is likemin dúdlik. Fokkema soe graach wat mear wissichheid hawwe oer de plannen fan it COA yn Burgum.