Gemeente wol mear grien by kaden yn Snits

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
By de kaden yn Snits komt mear grien, sa lit de gemeente Súdwest-Fryslân witte. De stoepe fan de Rienck Bockemakade wurdt ferfongen troch gers. Ek wurdt der in kuierpaad oanlein. Takom jier komt der mear grien by it Martiniplein en de Waterpoortsgrêft. De Prins Hendrikkade is ferline jier al griener wurden. Dêr binne de stiennen ek ferfongen troch gers.
Troch de oanpassings kinne minsken daliks in grien rûntsje meitsje by it wetter lâns. De jierlikse ûnderhâldskosten bliuwe sawat gelyk, seit de gemeente.