Ljouwerter hoareka lilk om foarstel slutingstiden

Ljouwerter hoarekabedriuwen binne lilk op de gemeente. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders hat in foarstel makke wêryn stiet dat bedriuwen bûten it Ruiterskwartier, it Saailân en it stasjonsgebiet tenei folle earder ticht moatte. Foar kroegen yn bygelyks de Grutte Heechstrjitte betsjut dit dat se net mear iepen binne oant fiif oere, mar al om trije oere of soms sels al om ien oere nachts ticht moatte.
It foarstel fan it kolleezje is foar guon ûndernimmers reden om moandeitejûn te demonstrearjen.