'Unstabile FUMO moat nije direksje krije'

Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing (FUMO) © Omrop Fryslân, Dirk Baron
Der moat in nije direksje mei oare adviseurs komme foar de FUMO. De Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing is nei in opbou fan trije jier noch net yn in stabile faze terjochte kaam. It bestjoer moat dêrom wurkje oan in trochstart, mei in nije direksje en adviseurs. Dat docht bliken út in eksterne evaluaasje dy't de ôfrûne wiken hâlden is. Neffens de ûndersikers krige de FUMO in falske start troch de twongen oprjochting fan de tsjinst. Dat hat langer trochwurke as ferwachte.
Der is te folle sjoen nei jild en produksje en te min nei it opbouwen fan in stabile organisaasje. Hjirtroch is te min gebrûk makke fan de kennis, kunde en potinsje fan meiwurkers. Sy hawwe har ek te min ûntwikkelje kinnen en dat hat soarge foar ûnfrede yn de organisaasje. It deistich bestjoer ûndersiket no de mooglikheden fan in oare direksje en adviseurs. Dêroer wurdt sa gau mooglik oerlein mei de ûndernimmingsried.