Grinsrjochter Zeinstra komt yn aksje by Frankryk-Yslân

Erwin Zeinstra (links) by de finale fan de UEFA Europa League 2013 © ANP
It team fan skiedsrjochter Björn Kuipers, mei dêryn ek grinsrjochter Erwin Zeinstra fan Dronryp liedt no snein de EK-wedstryd tusken Frankryk en Yslân. Dat hat de UEFA besletten. De wedstriid wurdt spile yn Saint-Denis en begjint om njoggen oere. Kuipers, Zeinstra en Sander van Roekel ha earder de wedstriden Dútslân-Poalen en Kroäsië-Spanje al dien op it EK.
Neffens saakkundigen is de kâns grut dat dit trio ek de finale fluitsje mei, as it allegear goed ferrint yn de wedstriid fan snein.