Omrop TIP: De klanken fan Lauswolt Simmerkonsert

© Omrop Fryslân
Yn de bosken fan Beetstersweach fynt hjoed it Lauswolt Simmerkonsert plak. De hiele dei jout Omrop Fryslân omtinken oan it konsert fan it Noord Nederlands Orkest op dy moaie lokaasje. Moarns komme bysûndere gasten oan it wurd yn de radioprogramma’s Mei Douwe en Buro de Vries, live fan it terrein ôf. Fan 15.00 oere ôf is it konsert live te folgjen fia Omropfryslan.nl.
Yn Mei Douwe trije gasten dy’t in relaasje hawwe mei it Lauswolt Simmerkonsert. Om 09.15 oere wurdt start mei de earste gast, de direkteur fan Landgoed Lauswolt Marc Gulick. By it petear wurdt kofje yn styl dronken en hat presintator Douwe Heeringa it mei Gulick oer wat foar muzykleafhawwer hy is. Fierder direkteur fan it NNO, Ingeborg Walinga. Oer it programma, it orkest en hoe’t it giet mei it NNO. Neist it NNO trede ek mezzosopraan Rosanna van Sandwijk en de Fryske saksofoniste Femke IJlstra op. Femke IJlstra is te gast by Douwe en sy sjogge tegearre foarút op it optreden fan dy middei.
Hoe komt it dat der safolle bûtens yn en om Beetstersweach binne en wêrom luts de adel no krekt nei dat doarp ta? Buro de Vries dûkt yn de skiednis fan it bûten Lauswolt en de omjouwing. Arsjitekt Gerard Brouwer lit syn ljocht skine oer it gebou en Sib Boersma fertelt oer de skiednis fan it gebiet. Fierder komme de ferneamde earrebarren oan bar en mingt ferslachjouwer René Koster him tusken de gasten op Lauswolt.
Om 15.00 oere is fia http://www.omropfryslan.nl/ it Lauswolt Simmerkonsert live te folgjen. De registraasje fan it konsert wurdt yn gearwurking mei RTV Noord en RTV Drenthe yn it neijier útstjoerd.
Lauswolt Simmerkonsert
- Mei Douwe fan 09.15 oant 11.00 oere op radio, telefyzje en ynternet
- Buro de Vries fan 11.00 oant 13.00 oere op radio, telefyzje en ynternet
- It Lauswolt Simmerkonsert live fan 15.00 oere ôf fia www.omropfryslan.nl