Terp by Eanjum wurdt ôfgroeven foar tentoanstelling

De terp by Eanjum wurdt freed ôfgroeven foar in tentoanstelling yn it Frysk Museum. It is de bedoeling dat de ferskate lagen fan 'e terp sichtber wurde en dêr wurdt folgjende wike in 'lakprofyl' fan makke. Dat is in soarte fan ôfdruk fan de lagen op in grutte plaat fan trije by fjouwer meter.
It is de earste kear dat der sa'n grut profyl makke wurdt fan in Fryske terp. De terp wurdt ôfgroeven troch in team fan de Rijksuniversiteit Groningen.