Binnenstêd Dokkum krijt iisfontein, ûnder betingsten

01 jul 2016 - 08:01

Der komt in iisfontein yn de binnenstêd fan Dokkum, mar wol ûnder in oantal betingsten. Dat is tongersdei ôfpraat yn de gemeenteried fan Dongeradiel. FNP, CDA, PvdA en Algemeen Belang Dongeradiel tsjinnen in amendemint yn, stipe troch de ChristenUnie. De fontein kin op de Markt komme, mar moat wol oerienstimme mei de binnenstedsfyzje.

De fontein moat echt wurkje en kin der allinnich komme as alle alve fonteinen der komme yn it ramt fan Kulturele Haadstêd 2018. Fierder moat der in provinsjaal ûnderhâldsfûns komme om de fonteinen moai te hâlden.

Werynrjochting

In projektgroep sil no oan de slach mei in totaalplan foar de werynrjochting fan de Markt yn Dokkum. Dêryn sitte ûnder oare ûndernimmers, bewenners en in arsjitekt. Yn it plan moat de histoarje fan Dokkum sintraal stean. It giet dan benammen om de Abdijtsjerke, dy't yn 1588 sloopt waard. It plan foar in fontein yn Dokkum krige in soad krityk, ûnder oare fanwegen it ferdwinen fan parkearplakken.

Trefwurden: 
fontein Dokkum Dongeradiel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)