Parkearoerlêst eilântoeristen

26 apr 2012 - 20:26

De gemeente Harns docht te min om de parkearproblemen dy't eilângasten feroarsaakje foar te kommen. Dat fine de bewenners en sakelju fan de Oosterparkwyk. Se hawwe skjin har nocht en sille aksjefiere. Auto's fan eilângasten wurde wikenlang yn de wyk en op oare plakken yn en om Harns delsetten.

De fakânsjegongers sykje de plakjes op dêr't se fergees parkeare kinne. Se hawwe in fyts op de auto of nimme in taksy. As se yn Frjentsjer parkeare, pakke se de trein nei de boat.

Neffens de gemeente Harns nimt de wethâlder it probleem wol serieus. Se sil ynkoarten prate mei de bestjoeren fan de eilannen. Dy moatte it probleem oplosse, want sy barre ek de toeristebelesting.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)