"Welcome to the Village moat op oare lokaasje holden wurde"

30 jun 2016 - 17:55

It festival Welcome to the Village moat dit jier op in oare lokaasje holden wurde. Dat wol de Stichting Groene Ster Duurzaam. It gebiet by de Griene Stjer hat krektlyn nije drainaazje krigen, wêrtroch't der noch net in soad gers stiet. It reinwetter kin om dy reden noch net goed fuortkomme.

Nije wike start de opbou fan it festival, dat fan 15 july oant 'e mei 17 july yn totaal 7.000 besikers ferwachtet. Groene Ster Duurzaam is benaud foar de gefolgen.

"Moannen net tagonklik"

Neffens harren is it terrein der nei it festival sa min oan ta, dat it moannen net tagonklik is. Dêrom moat it ferpleatst wurde nei in oare lokaasje.

De organisaasje fan it festival makket harren ek soargen en sil ekstra maatregels nimme. It is foar harren ek wichtich om de skea te beheinen, om't de Griene Stjer foar it festival as thús fielt. Se wolle dêr ek yn de takomst bliuwe.

Gemeente: festival wurdt net ferpleatst

Wethâlder Sjoerd Feitsma fan de gemeente Ljouwert lit witte dat de organisaasje harren gjin soargen hoecht te meitsjen. Se hawwe de fergunning ôfjûn foar de Griene Stjer en dêr sil it dan ek organisearre wurde. Wol sil de gemeente tegearre mei de organisaasje sjen hoe't se de oerlêst safolle mooglik beheine kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)