Geert Arend Roorda nei NEC

26 apr 2012 - 20:12

Geert Arend Roorda spilet de kommende twa seizoenen foar NEC, mei in opsje foar in tredde jier. De 24-jierrige middenfjilder mei transferfrij fuort by SC Hearrenfean. Roorda, dy't de hiele jeugdoplieding by de Feansters meimakke hat, kaam net yn de plannen fan de direksje en de nije trainer Marco van Basten foar.

By NEC komt hy trainer Alex Pastoor wer tsjin. Dy helle him it ôfrûne seizoen op hierbasis nei Excelsior en dat befoel goed. Dit seizoen komt Roorda ek amper yn aksje yn de earste alve fan trainer Ron Jans.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)