20 mln euro foar projekten Ofslútdyk

30 jun 2016 - 17:06

It Waadfûns stekt 20 miljoen euro yn trije projekten op de Ofslútdyk. It measte jild, 14 miljoen, giet nei de nije fiskmigraasjerivier by Koarnwertersân. Dy makket it mooglik dat fisk hinne en wer swimme kin tusken de sâlte Waadsee en de swiete Iselmar. Sa moat de fiskstân ferbetterje.

Der giet ek 4 miljoen euro nei it 'Beleefcentrum' dat by Koarnwertersân komme moat. Toeristen kinne dêr fan alles te witten komme oer it Waadgebiet. Fierder giet der hast 3 miljoen euro nei in spuistroomsintrale dy't duorsume enerzjy opwekke kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)