Ferboud gebou Wetterskip Fryslân wurdt enerzjyneutraal

30 jun 2016 - 16:56

De ferbouwing fan it gebou fan Wetterskip Fryslân moat foar in grutte besparring soargje. Dat waard tongersdeitemiddei sein by de offisjele iepening fan it gebou. Der is goed 9 miljoen euro ynvestearre om it gebou iepener, mar benammen ek mear enerzjyneutraal te meitsjen. Sa binne der ûnder oaren hûnderten sinnepanielen op it dak lein.

De enerzjymaatregels hawwe goed 3 miljoen euro koste. Dat moat binnen 20 jier weromfertsjinne wurde. Boppedat hoecht der no gjin ekstra romte mear hierd te wurden en dat smyt ek in besuniging op fan inkelde hûnderttûzenen euro's yn it jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)