Untwerp fan Starumer fontein wurdt sneon presintearre

30 jun 2016 - 16:05

Ynwenners fan Starum kinne sneon it ûntwerp sjen foar de fontein yn it ramt fan Kulturele Haadstêd. Keunstner Mark Dion is dêr ek by. Alle stêden krije fanwegen Ljouwert Kulturele Haadstêd in fontein, dy't ûntwurpen wurde troch alve ynternasjonaal foaroansteande keunstners. It is de bedoeling dat se nei 2018 stean bliuwe en nij kultureel erfguod wurde.

Foar guon stêden is it ûntwerp al klear. Foar de fontein fan Hylpen wurdt in nije keunstner socht, om't de Sinees Cai Guo-Qiang him weromlutsen hat. Hy koe neat betinke dat by syn eigen styl en by Hylpen past.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)