Heger berop oanriding Sint-Nyk: 240 oeren wurkstraf

© Plysje Fryslân, Twitter
De frou dy't twa jier lyn yn Sint-Nyk twa jonges oanried, wêrtroch't ien slim ferwûne rekke, hat yn heger berop 240 oeren wurkstraf oplein krigen en fjouwer moanne sel ûnder betingst. Ek mei se twa jier net autoride.
De frou ried de jonges oan, neidat se de twa al in skoftke efterfolge hie. Dat wie omdat de jonges neffens de frou har hûnen faak narren. It Iepenbier Ministearje easke twa wiken lyn in hegere straf, fanwegen roekeleas rydgedrach. It gerjochtshôf seit no dat de frou wol behoarlik ûnfoarsichtich riden hat, mar net roekeleas.
Blyn
Troch de oanriding rekke ien fan de slachtoffers blyn oan ien each. De oare jonge rekke licht ferwûne.