Oanlis fan fytstunnel by De Tike einlings begongen

30 jun 2016 - 13:56

Yn De Tike is woansdei nei jierren fan praten en plannen meitsjen begongen mei de oanlis fan de fytstunnel ûnder Sintrale As troch. Ynwenners fan it doarp hawwe der lang foar striden om dy tunnel te krijen. As dy tunnel der net kommen wie, hiene se fia in grutte omwei nei Nyegea en De Pein moatten.

De skoalbern wiene der allegear by doe't de earste ûnderdielen fan de tunnel teplak setten waarden. Sy hiene gedichtsjes skreaun oer de fytstunnel en it moaiste gedichtsje waard by it offisjele momint foarlêzen.

De tunnel kostet 1,2 miljoen en moat yn oktober klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)