Romp fan stellen brûnzen byld werom fûn
It brûnzen byld dat twa wike lyn stellen waard út in tún by Snits, is tongersdeitemoarn werom fûn. Dat meldt de plysje op Twitter. It giet om in byld fan in famke mei in bear yn de hân. De romp fan it byldsje is werom fûn, mar de holle en de skonken ûntbrekke, meldt de plysje. It byldsje wie sa'n 15.000 euro wurdich.