Museum Belvédère siket help by de polityk

30 jun 2016 - 12:46

Direkteur Han Steenbruggen fan museum Belvédère yn Oranjewâld hat alle politike partijen fan de provinsje en de gemeente Hearrenfean persoanlik frege om finansjele stipe. As der gjin ekstra jild komt, rêdt it museum it net.

Ein ferline jier melde it bestjoer fan Belvédère al dat der alle jierren in eksploitaasjetekoart is fan in ton, en dat dat bedrach út de reserves helle wurde moat. Dit kin net lang mear duorje, want 'zo halen we 2018 niet', seit Steenbruggen. Hy hat de fraksjes fan provinsje en gemeente sprutsen en is dêr posityf oer.

Hy hopet op in antwurd yn de hjerst fan dit jier. Han Steenbruggen: 'Bijna alle musea in Nederland zijn gesubsidieerde instellingen. Dit museum doet het al meer dan tien jaar met particuliere gelden en sponsorbijdragen. Wij zijn daar trots op. Tentoonstellingen worden gefinancierd uit fondsen, af en toe krijgen we een projectsubsidie van de provincie. Wij vragen nu om een structurele subsidie die in redelijke verhouding staat tot sponsorinkomsten en wat er binnenkomt aan de kassa. Een extra financieel steuntje in de rug van de politiek hebben we hard nodig.'

Op dit stuit is der yn it museum in tentoanstelling oer Käthe Kollwitz, dy't oant 25 septimber duorret. Oant 3 july is de fototentoanstelling 'Arena' fan Noorderlicht noch te sjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)