Mear gefallen fan selsdeading yn Fryslân yn 2015

It tal Friezen dat him of harsels te koart die, is ferline jier wer licht omheech gien. Yn 2014 gie it om 83 minsken en ferline jier wiene dat der 86. Dat docht bliken út sifers fan it Sintraal Buro foar de Statistiek, it CBS.
Lanlik giet it tal selsdeadings ek omheech. Fan 1839 yn 2014 nei 1871 yn 2015. Dat is it heechste oantal oant no ta. Dat is opmerklik, want yn 2014 wie it oantal foar it earst minder. Manlju fan tusken de 20 en 30 en boppe de 60 meitsje it faakst in ein oan harren libben.