Ljouwerter ferfiert 800 liter disel mei stellen auto

30 jun 2016 - 12:00

De plysje hat woansdeitenacht yn Ljouwert in autobestjoerder oanhâlden, omdat hy 800 liter disel yn de oanhingwein ferfierde. De plysje seach de man riden op de Haydenstrjitte yn Ljouwert en ûntduts dat de kentekenplaat net doogde. By kontrôle die bliken dat de bestjoerder, in 38-jierrige Ljouwerter, mei in ûnjildich rydbewiis yn de auto siet.

By kontrôle fan de oanhingwein fûn de plysje de disel. Letter die ek bliken dat de auto earder stellen wie yn Makkum. De fertochte is oanhâlden en auto en oanhingwein binne yn beslach nommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)