Servotelflat yn Drachten wer bewenne, sloop is fan de baan

30 jun 2016 - 11:49

De eardere serviceflat Servotel oan it Haverstuk yn Drachten wurdt wer brûkt. Der wenje no in lytse 50 minsken dy't 24 oeren deis begelieding krije. It giet om minsken mei in psychyske of ferstanlike beheining. Soarchoanbieder Aventura hiert op it stuit 48 apparteminten op fjouwer fan de 13 ferdjippings, mooglik wurde dat der mear.

Yn 2013 kaam it gebou leech te stean en soe it sloopt wurde. Der soene 40 nije soarchapparteminten foar yn it plak komme, mar dat giet net troch, omdat dêr temin jild foar fûn wurde koe.

Foar de buertbewenners is der meikoarten in ynformaasjebyienkomst oer hoe't de begelieding fan de nije bewenners foarm krijt.

Trefwurden: 
Servotel Drachten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)