Feitsma: "No earst fertrouwen by Caparis herstelle"

Wethâlder Sjoerd Feitsma fan Ljouwert, en wurdfierder fan de oandielhâlders fan Caparis is tefreden oer de gearkomste dy't woansdei hâlden is mei de 66 fraksjes, ried fan kommissarissen en de nije ynterimdirekteur. Oplossingen binne der net fûn, mar de riedsleden wiene bliid mei de ynformaasje.
Feitsma ferwachtet dat it noch in dreech trajekt wurde sil, mar foarop stiet dat de acht gemeenten der mei-elkoar útkomme wolle, ek al hawwe twa fan harren it fertrouwen yn de rfk opsein. Dat fertrouwen moat no earst hersteld wurde.
In part fan it managementteam hat woansdei witte litten toch fertrouwen te hâlden yn de oandielhâlders en de rfk. Freed prate de wethâlders fan de acht oandielhâldende gemeenten wer mei-elkoar oer hoe't it no fierder moat mei de krisis by Caparis.
Tamara Bok fan de PvdA-fraksje yn de gemeente Ljouwert is bliid mei alle ynformaasje dy't se krigen hawwe, mar de fraach: "En wat no?" fynt se dreech te beantwurdzjen. Sy sjocht gjin heil yn in ûndersyk, omdat dat neffens har mear sjocht nei wat der allegear west hat en minder sjocht nei it doel wat berikt wurde moat. Se sjocht mear yn it idee, dat ek al troch oaren oppere is, om in ûnôfhinklike mediator yn te skeakeljen dy't de kommunikaasje wer op gong bringt en brêgen slaan kin tusken alle partijen.