Twa motorriders pakt foar fierste hurd riden

© ANP
De plysje hat woansdeitejûn de rydbewizen ynnaam fan in 26-jierrige Ljouwerter en in 33-jierrige motorrider út Dongeradiel.
De Ljouwerter ried op de N31 by Harns 157 kilometer yn de oere, dêr't maksimaal 100 tastien is. De motorrider út Dongeradiel waard oanhâlden om't er goed 100 kilometer te hurd ried by Bartlehiem. Hy helle 168 kilometer op de teller dêr't 60 op de buorden stie.