Caparis: "problemen op nivo fan bobo's en ego's"

29 jun 2016 - 22:45

"Der lizze tefolle tûkelteammen op it nivo fan de bobo's en de ego's". Dat wie ien fan de reaksjes woansdeitejûn. 66 riedsfrasksjes wiene byinoar yn twa gearkomsten oer Caparis. It is krisis by de sosjale wurkfoarsjenning. Fertrouwensbreuken tusken managementteam en ried fan kommissarissen, de ûndernimmingsried en de rfk en ek twa gemeenten dy't no sein hawwe dat de ried fan kommissarissen fuort moat. Om de oare seis gemeenten hoecht dat net.

Fierders rint de polityk yn Ljouwert, Hearrenfean, Smellingerlân, Achtkarspelen, Opsterlân, West- en Eaststellingwerf en Tytsjerksteradiel hieltyd achter kwa ynformaasje.

Dêr kaam woansdeitejûn feroaring yn. De 66 fraksjes út de gemeenten waarden earst in oere bypraat troch de ûndernimmingsried, dêrnei troch de folsleine ried fan kommissarissen en wethâlders. De riedsleden binne bliid dat se no mear ynformaasje hawwe, mar wat de oplossing is fan de problemen liket foar de measten in dreech ferhaal. Dêr wolle se har de kommende tiid oer beriede. De riedsleden wiene tige kritysk op de gong fan saken: "Wy ha net witten hokfoar machtsposysje de rfk en direkteuren by Caparis hiene, sûnder dat sy neitinke foar welke doelgroep se eins oan it wurk binne".

Dat twa gemeenten it fertrouwen opsein hawwe yn de ried fan kommissarissen wurdt net troch alle riedsleden wurdearre: "As it fertrouwen opsein wurdt yn de ried fan kommissarissen, wat betsjut dat dan foar de eigen wethâlders? Seit men dan eins it fertrouwen yn jinsels net op?"

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)