Gemeenten lûke mear jild út foar húshâldlike help en ferfier

29 jun 2016 - 22:33

De gemeenten Súdwest-Fryslân, De Fryske Marren en Littenseradiel betelje tenei mear foar húshâldlike help en it ferfier fan en nei deibesteging. Ut ûndersyk die bliken dat de soarchoanbieders oars net út de kosten komme.

Alle jieren moatte der nije tariven fêststeld wurde. Der is troch in partij bûten de doar in ûndersyk útfierd om derefter te kommen hoefolle jild oft betelle wurde moat. Ien en oar kostet de gemeente Súdwest-Fryslân takom jier tusken de 400.000 en 500.000 euro ekstra.

Wethâlder Gea Akkerman fan Súdwest-Fryslân kin har foarstelle dat in selde soart oanpassing ek yn oare gemeenten plakfine sil. Neffens har betsjut it net dat der earder te min jild betelle is. Sy ferwachtet wol dat de oanpassing bygelyks thússoarchorganisaasjes safolle sekerheid jout dat sy minsken fêst yn tsjinst hâlde kinne of op in oare wize wurknimmers mear wissichheid biede kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)