Ljepperij It Heidenskip ferreind

29 jun 2016 - 21:31

De fierljeppers koene woansdeitejûn de njoggende wedstriid fan it seizoen op It Heidenskip net útljeppe. Alle ljeppers soene earst twa sprongen meitsje, mar dat slagge krekt net. It reinwetter wie en bleau spulbrekker. De wedstriid waard stillein en dêrnei ôfsein. Takom wike woansdei is It Heidenskip opnij it dekôr, dan wurdt de ferreinde wedstriid ynhelle.

Trefwurden: 
fierljeppen It Heidenskip
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)