Ljouwerters oppakt foar tasserôf yn de stêd Grins

29 jun 2016 - 21:10

De plysje yn Grins hat de ôfrûne wiken trije Ljouwerters fan 15, 19 en 20 jier oanhâlden. Sy wurde derfan fertocht dat se in 18-jierrige man út de gemeente Ten Boer fan syn tas berôve hawwe.

De Grinzer wie op 1 juny oan it winkeljen yn de stêd Grins, doe't er de trije Friezen tsjinkaam. Ien fan harren koe er wol. De manlju besleaten om wat mei-inoar te iten. Doe't it slachtoffer wat út syn skoudertas pakke woe, begûnen de manlju oan syn tas te lûken. Hy waard ferskate kearen slein en skopt. Doe't er op de grûn foel, liet er syn tas los.

De manlju trapen him noch in kear nei en naaiden doe út. De Ljouwerters sitte noch fêst. Der wurdt proses-ferbaal tsjin harren opmakke.

Trefwurden: 
Ljouwerters berôving Grins tas
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)