Grinzerstrjitwei Ljouwert te wiet: asfaltearring útsteld

(argyffoto) © ANP
It asfaltearringswurk oan de Grinzerstrjitwei yn Ljouwert giet woansdeitejûn net troch fanwege it waar. Sûnt moandei wurdt der wurke oan it ûnderhâld fan de dyk. Der komt in nije asfaltlaach op. Neffens de provinsje en de útfierder kin it asfalt troch de rein lykwols net goed hechtsje.
It wurk oan de dyk soe yn de nacht fan woansdei op tongersdei ôfmakke wurde. Dat bart no letter, al is noch net dúdlik wannear't dat wêze sil.