Militêr defilee troch it sintrum fan Ljouwert

Tank by de Aldehou © Anton Kappers
Yn de binnenstêd fan Ljouwert wie woansdeitemiddei wer it defilee fan it 44e pantser-ynfantery-bataljon fan de Johan Willem Frisokazerne. De militêren marsjearren fan it Aldehouster Tsjerkhôf nei it Saailân, mei foarop kommandant Bert Stam yn in pantserwein.
Op de treppen fan it gerjochtsgebou namen boargemaster Ferd Crone, deputearre Johannes Kramer en twa hege militêren it defilee ôf. Dizze kear rûnen der ek fjirtich Dútske militêren mei. Sûnt maart 2015 is de brigade, dêr't it 44ste bataljon by heart, ûnderdiel fan in Dútske difyzje.